New

Oosterwoldseweg 18433 PS HaulerwijkHaulerwijk-Sinnehiem

Map
  • 179 m²
  • 606 m²
  • 4
  • C
Calculate monthly payment

Description

Der binne huzen dy’tst sjochst. En der binne huzen dy’tst fielst. Oan ’e râne fan it doarpshert fan Haulerwijk stiet sa’n hûs. Sadree’t de winter syn yntree docht, de beammen harren blêden falle litten hawwe en de snieflokjes rêstich nei ûnderen dwarrelje, komt it karakter fan dizze wenning folslein ta libben. De linen wurde skerper, de details better sichtber. It hûs stiet der kalm en selsfersekere by, as oft it krekt wit wa’t it is en wêr’t it weikomt. Dat gefoel ûntstiet net samar. Dizze frijsteande wenning waard yn 1956 boud troch oannimmer Van den Berg, in namme dy’t yn Haulerwijk en omkriten jierrenlang synonym stie foar kwaliteit en fakmanskip. Hy kaam hjir sels te wenjen, tegearre mei syn twa susters én dokter Beumer (nei wa’t sels in strjitte ferneamd is), dy’t tagelyk syn yntrek yn it hûs naam en hjir syn húsdokterspraktyk fêstige. Fan it alderearste begjin ôf wie dit in hûs dêr’t meardere libbens byinoar kamen, mei romte foar wenjen, soargjen, wurkjen en tegearre libjen. Wa’t letter wurksumheden yn of oan it hûs útfierd hat, seach it daliks. De muorren steane opfallend rjocht, de hoeken binne sa hoeks en strak datst dat tsjintwurdich noch mar selden tsjinkomst. Ferskate faklju sprieken harren bewûndering út – sokke presyzje sjochst hast net mear. It is in stille oantins oan in tiid dat bouwen noch echt in ambacht wie, en dat fieltst hjoed-de-dei noch altyd. Binnen iepenbieret it hûs him mei in fanselssprekkende rêst. De wenkeamer mei erker fongt it ljocht op in wize dy’t elk seizoen wat eigens jout, mar foaral yn ’e winter ekstra sfear bringt. De iepen keuken mei skiereilân foarmet it kloppend hert fan it hûs, in plak dêr’t petearen ûntsteane sûnder dat se pland wurde. De yndieling fielt logysk, fertroud en rom, as oft it hûs altyd al wist hoe’t it brûkt wurde woe. Troch de jierren hinne is der mei soarch mei it hûs omgien. Net fluch oanpast, mar mei oandacht. Mei respekt foar wat der al wie en mei each foar wat it wenjen nofliker makket. Dat merkst oan alles: oan hoe’t de romten yninoar oerrinne, oan de wize wêrop âld en nij inoar fersterkje en oan de sfear dy’t nearne twongen oanfielt. De wenning biedt tal fan mooglikheden. Op de begane grûn is genôch romte om gelykflierich te wenjen, wylst de earste ferdjipping in prachtige wenkeamer herberget mei eigen keuken en ytkeamer en iepenslaande doarren nei in balkon. In plak dat him sûnder muoite oanpast oan ferskillende libbensfazen. Mei yn totaal fiif sliepkeamers is der romte foar elkenien, sûnder dat it ea ûnrêstich oanfielt. Ek bûten hearsket deselde balâns. De tún, lizzend op it easten en trochrinnend nei it suden, is beskûle en goed fersoarge. Sels yn ’e winter bliuwt it in noflik plak, dêr’t struktuer en rêst de boppetoan fiere. De oanboude garaazje mei carport, it frijsteande túnskûr en de oerkepping mei houtopslach binne fanselssprekkend ûnderdiel fan it gehiel: praktysk, mar nea dominearjend. De lizzing makket it wenjen hjir hielendal kompleet. Oan ien fan de haadyngongen fan it doarp, mei alles wat Haulerwijk sa noflik makket binnen hânberik. Winkels, horeca, húsdokter en apteek binne tichtby, krekt as natuer, bosk en rekreaasje. It doarp fielt gemoedlik en fertroud, mei romte foar bern om op te groeien en foar folwoeksenen om ta rêst te kommen. Dit is in hûs dat net om oandacht ropt. It wachtet rêstich ôf. En wa’t ienris binnenstapt, begrypt wêrom’t it safolle betsjutten hat – en noch altyd betsjut. Nijsgjirrich wurden? Dit is sa’n wenning dy’tst net gearfetsje kinst yn fjouwerkante meters of plattegrûnen. Dêr moatst west hawwe. Wy litte dy graach ûnderfine wat wurden mar foar in part fange kinne. En tinkst sels oan ferkeapjen, keapjen of hast in taksaasje nedich? Dan begeliede wy dy mei deselde soarch en oandacht. KIEN Wijkmakelaar De makelder dy’t ek dyn buorman is By KIEN wurkje wykmakelders. Minsken dy’t de omjouwing kenne, de ferhalen begripe en fierder sjogge as stiennen allinnich. Profesjoneel wêr’t it moat, persoanlik wêr’t it kin. Slút dy oan by de KIEN-famylje. Frijbliuwend advys, belutsen begelieding en altyd tichtby.

Features

Transfer of ownership

Listed since
Acceptance
Available in consultation
Asking price
€ 575,000 kosten koper
Asking price per m²
€ 3,212
Status
Available

Construction

Kind of house
Single-family home, detached residential property
Building type
Resale property
Year of construction
1956
Type of roof
Gable roof covered with roof tiles

Surface areas and volume

Areas
Living area
179 m²
Other space inside the building
71 m²
Exterior space attached to the building
56 m²
External storage space
20 m²
Plot size
606 m²
Volume in cubic meters
914 m³

Layout

Number of rooms
5 rooms (4 bedrooms)
Number of bath rooms
1 bathroom and 2 separate toilets
Bathroom facilities
Shower, bath, sink, and washstand
Number of stories
2 stories and a loft
Facilities
Flue and solar panels

Energy

Energy label
Insulation
Roof insulation, double glazing and insulated walls
Heating
CH boiler and wood heater
Hot water
CH boiler
CH boiler
Valliant eco TEC plus (gas-fired combination boiler from 2022, in ownership)

Cadastral data

DONKERBROEK B 8034
Cadastral map
Area
606 m²
Ownership situation
Full ownership

Exterior space

Location
In centre
Garden
Surrounded by garden
Balcony/roof terrace
Balcony present

Storage space

Shed / storage
Detached wooden storage
Facilities
Electricity
Insulation
No insulation

Garage

Type of garage
Attached brick garage
Capacity
1 car
Facilities
Electricity
Insulation
No insulation

Parking

Type of parking facilities
Parking on private property and public parking

Popularity

802x

Viewed

13x

Saved

27-3-2026

On Funda

Neighborhood

Haulerwijk-Sinnehiem

Haulerwijk
Residents
395
Family with children
25%

Discover the neighborhood

Curious about the housing supply, residents and local real estate agents?

View neighborhood insights

Don’t want to forget this home?

Save it as a favorite. You’ll easily find it back and get notified when something changes.